22 February 2012

Levy yn de oandacht

Op 5, 6, 10, 12, 13 en 16 juny wurdt yn it teater efter de Pleats it Iepenloftspul Levy opfierd. Yn de fitrinekast fan de Iepenbiere Bibliotheek yn Burgum wurdt oant freed 5 juny de oandacht rjochte op It Iepenloftspul fan Burgum. Yn de fitrinekast is tidens de iepeningstiden in ympresje fan it nije stik te bewûnderjen. It stik oer de ferneamde folksheld út de Wâlden is skreaun troch Gerrit Hoekstra. De regy is yn hannen fan Tineke Broers út Burgum.

By Bakker Heslinga út Burgum, Damwâld en de Westerein is dizze wiken in spesjale Levy Heidekoeke te keap. Piet Heslinga stipet hjirmei it Iepenloftspul. Op 19 maaie brocht foarsitter Baukje de Boer de spilers yn de kunde mei dizze hearlike Levy koeke.

Op tiisdei 2 juny is der yn it soad beharke Muzyk yn bedriuwen op Omrop Fryslân radio ek oandacht foar it Iepenloftspul. De platen dy’t draaid wurde, waarden oanfrege troch de frijwilligers (mear as tachtich) en meiwurkers. Yn in fraachpetear sil Baukje de Boer har ljocht skine litte oer 50 jier Iepenloftspul. Kaarten kinne besteld wurde middels de webside www.iepenloftspul.nl as telefoanysk op nûmer 06 294 009 07.

Comments

  1. titia says:

    Kijk, dat zijn leuke initiatieven. Verschillende groepen die elkaar vinden in een gezamelijk doel. Een lekkere koek, een tentoonstelling in de bieb en natuurlijk het Iepenlofstspul. Dit laatste al 50 jaar en dat zegt wel genoeg, denk ik.
    Zo wordt een dorp op de kaart gezet en is er nog eens wat te beleven, kortom een leefbaar dorp.

Speak Your Mind

*